Sytse Haima en Teke Hettinga binne twa Weidumer beropsmuzikanten.

Sytse hat earder in protte sealen op de kop setten mei de folkfeestband Pigmeat. Neist Mucifer spilet er op 't heden mei Ernst Langhout en Johan Keus, en yn de feestband De Suskes. Ek fersoarget er op fersyk gastoptredens. Dêrnjonken jout Sytse gitaarles en skriuwt er nije muzyk foar ûnder oare Mucifer.
 
Teke hat in klassike oplieding fioele en makket graach útstapkes nei oare sjenres. Njonken Mucifer hat se in lespraktyk fioele yn Weidum, jout se les oan de muzykskoalle yn It Hearrenfean en spilet en ûntwikkelet se muzyk-foarstellings foar jonge bern ('Ritmo en Melodietje' en 'Flinter'). De foarstelling 'Flinter' is tegearre mei Peter Sybenga.