Mucifer bringt in oansteklike miks fan ferskate folkstilen en jout sa elke gelegenheid in fleurige en freonlike sfear. Troch alle bekende nûmers yn it repertoire wurdt it ek in feest fan werkenning!

De gearstalling fan fioele, gitaar en sang makket it mooglik om ferskillende klanken ôf te wikseljen. Sa kin foar resepsjes, diners, iepeningen en oare feestlike gelegenheden keazen wurde foar de bêste sfear. It hinget mar fan de situaasje ôf oft fersterke of net fersterke spile wurdt. It is ek mooglik om in part fan it optreden al spyljend om te rinnen (net fersterke).
 
Mucifer is yn 2009 oprjochte en wurdt foarme troch Sytse Haima en Teke Hettinga.

Klik hjir om in foto yn hege kwaliteit del te laden.